Stapper bedriget plysje

10 des 2011 - 14:33

In 22-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân is freedtenacht yn Snits oanhâlden foar bedriging fan de plysje. De jonge hearde by in groep stappers dy't harren ferfelend gedroegen.

Doe't ien fan de manlju op de motorkap fan de plysje-auto lizzen gie, krige er in bekeuring. De 22-jierrige bemuoide him dermei en bedrige de plysjes. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)