Wol hotel by Langwarder Wielen

© Omrop Fryslân
It plan om foar 50 miljoen euro in grut hotel mei in klinyk en jachthaven te bouwen oan de Langwarder Wielen by de A7 del giet troch. De beswiermakkers hawwe de saak by de Rie fan Steat ferlern.
De plannen hawwe trije jier fertraging oprûn troch de proseduere. Der moat noch wol sleutele wurde oan it ien en oar. Sa soe bygelyks it tal hotelkeamers noch feroarje kinne. De wichtichste saken bliuwe wol gelyk. Ynkoarten binne der petearen mei jildsjitters om te sjen hoe't sy der no yn stean.