Parnas komt mei nij foarstel

10 des 2011 - 13:01

Parnas lit yn in offerte oan boargemaster en wethâlders en de gemeenterie fan Ljouwert sjen dat de ynstelling foar keunstûnderwiis yn Ljouwert finansjeel it bêste út de fuotten op it plak fan no. Parnas sit no oan it Riedhúsplein. In ferhuzing nei in nij kultureel kertier by De Harmonie soe noch goedkeaper útpakke.

No wurdt noch praat oer twa mooglikheden: in foarstel fan boargemaster en wethâlders om sûnder sintrale lokaasje de wenwiken yn te gean en in foarstel fan Parnas mei wol in sintrale lokaasje. It foarstel fan Parnas soe 15.000 euro goedkeaper wêze en as iennige foldwaan oan de winsken fan de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)