Auto oer de kop by Dearsum
By in ûngelok op de Harstawei yn Dearsum binne freed twa automobilisten ferwûne rekke. In 57-jierrige bestjoerder út Skearnegoutum joech op de rotonde gjin foarrang oan in 31-jierrige bestjoerder út Wommels. Troch de klap gie ien fan de auto's oer de kop.
Beide auto's kamen yn de berm telâne. De bestjoerders binne nei it sikehûs brocht.