130.000 minsken op 2e iepen dei

18 jun 2006 - 16:13

Mear as 130.000 besikers kamen sneon ôf op de twadde iepen dei fan de fleanbasis yn Ljouwert. Freed wiene der sa'n 65.000 besikers. Awacs mei in njoggen meter grutte radar op it dak wiene ynset om de loft, it terrein en de tagongsdiken te bewaken.

Hichtepunt fan de dei wie in optreden fan de Blue Angels, út Amearika. Se komme út Pensacola Beach yn Florida. It wie har iennichste optreden yn Europa yn jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)