130 reakjes nei oprop LTO

06 jan 2012 - 16:35

De oprop fan boere-oranisaasje LTO-Noord om romte beskikber te stellen foar fee út Grinslân hat oer de 130 oanbiedings opsmiten, foaral yn Grinslân sels en de provinsjes dêromhinne lykas Fryslân. Mar ek boeren yn it suden fan Nederlân melde harren.

It fee moat evakuearre wurde út it gebiet by Ten Boer en Woltersum wei. Dêr driget in dyk by it Eemskanaal troch te brekken. Yn prinsipe is der no genôch plak foar alle bisten, mar dat betsjut net dat alles al regele is. Der binne noch wol grutte stâlen nedich foar oer de hûndert bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)