130 fans stypje Johannes Rypma

13 des 2012 - 12:52
  • Johannes Rypma, hjir earder yn de heale finale fan The Voice of Holland

Mar leafst trije bussen mei 130 fans en famyljeleden fan Johannes Rypma ride freedtemiddei út Blauhús wei nei de finale fan The Voice of Holland. De Blauhústers steane meielkoar yn in steanfak yn de studio yn Hilversum. Se ha ek spesjale T-shirts drukke litten mei Johannes derop. In Fryske flagge meinimme yn de studio wurdt troch RTL ferbean.

Kaartsjes foar de finale fan de sjongtalintejacht binne al lang útferkocht. Op ynternetsiden as Marktplaats wurde se noch wol te keap oanbean foar hege bedragen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)