13 Saken frouljushannel oplost

18 maaie 2005 - 15:46

De Fryske plysje hat it ôfrûne jier trettjin saken fan frouljushannel oplost. In spesjaal prostitúsjeteam docht sûnt begjin ferline jier ûndersyk nei de hannel. De fertochten wurkje allinnich of yn groepkes. Se komme benammen út Roemenië, Bulgarije en Ruslân.

It opspoaren fan minskehannelaren is in spearpunt foar it OM. Yn njoggen saken is it ta in feroardieling kommen troch de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)