13 opjeften ûndernimmerspriis

30 maaie 2011 - 11:04

Trettjin bedriuwen hawwe har dit jier oanmeld foar de ûndernimmerspriis Noardeast-Fryslân. Dat hat de organisaasje bekend makke. In sjuery sil no woansdei de trije nominearren foar de priis bekend meitsje.

Deputearre Galema makket op 24 juny it winnende bedriuw bekend. De ûndernimming dy't wint krijt in keunstwurk fan Hans Jouta kado en 5000 euro oan advertinsjeromte yn it hûs-oan-hûs blêd YN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)