1,3 miljoen ûntslachfergoeding

29 aug 2011 - 12:05
  • Sikehûs Tsjongerskâns (foto: Omrop Fryslân)

Sikehûs De Tjongerskâns giet yn heger berop om ûnder de 1,3 miljoen ûntslachfergoeding fan in persoanielsadviseur út te kommen. De man moat oant syn 65e trochbetelle wurde, ek al wurket er sûnt 2009 net mear op It Hearrenfean. Dat hat de rjochter bepaald. De trochbetelling kostet it sikehûs 1,3 miljoen.

De man bemiddele begjin jierren '90 yn in fertrouwenskrisis tusken de medyske stêf en de direksje. Hy twong dêrfoar in ynkommensgarânsje ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)