1,3 miljoen fraude opspoard

13 feb 2012 - 10:53

De Sosjale Resjerzje Fryslân hat yn 2011 yn ús provinsje 86 gefallen fan bystânsfraude ûndersocht. De measte dêrfan, 70, binne strafrjochtlik ôfhannele. It gie dan om swart wurkjen, yllegaal byelkoar wenjen, en it net melden fan fermogen.

Fan de saken dy't ôfhannele binne is foar goed 1,3 miljoen euro oan fraude opspoard. Dat bedrach moat troch de fraudeurs werombetelle wurde. Foar dit jier ferwachtet de Sosjale Resjerzje itselde resultaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)