13 Cambuurfans weromstjoerd

26 jul 2009 - 12:43

De plysje yn Den Helder hat sneon trettjin Cambuurfans dy't ôfkamen op de oefenwedstriid Cambuur - Willem II weromstjoerd nei Fryslân. Yn it foar hie de plysje ynformaasje dat tachtich Cambuur-supporters fan doel wiene om rotsoai te skoppen yn de stêd of by de wedstriid.

Yn it foar is der oerlein mei sawol Cambuur as de supportersferiening wêrtroch't it oantal minsken dat út wie op reboelje net sa grut wie as tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)