13 bern pakt foar fernielings

01 mrt 2013 - 13:09

De plysje hat yn de ôfrûne wike 13 bern yn de leeftiid fan 11 oant en mei 14 jier in proses-ferbaal jûn foar fernielings by twa basisskoallen yn Haulerwyk. Yn de foarjiersfakânsje waarden by de twa skoallen yn it doarp lytse brantsjes oanstutsen. Under oare in boarterstastel en in fytsehok binne skansearre rekke. Dêrneist waarden ferskate muorren en doarren fan beide skoallen bekladde. Der is troch de skoallen oanjefte dien. De groep bern hat yn ferskillende groepkes dwaande west mei de fernielings. Tsjin alle 13 is proses-ferbaal opmakke.

It Iepenbier Ministearje moat no sjen wat der fierder bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)