Cambuur yn selde opstelling

16 aug 2012 - 12:41
  • SC Cambuur

SC Cambuur spilet freed tsjin Fortuna Sittard yn deselde opstelling as ferline wike. Doe waard yn en tsjin FC Volendam mei 2-1 wûn. Melvin de Leeuw bruts yn dy wedstriid syn noas, mar hy kin gewoan spylje.

Cambuur komt wer rom yn de spilers te sitten. De blessearden Erik Bakker en Martijn van der Laan traine wer hielendal mei de groep mei. Cambuur siket noch altyd nei in rjochtsbûten. De Ljouwerters hawwe al in skoft belangstelling foar Youness Mokhtar fan PSV mar dy gokt foarearst op in klup út de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)