Mear iisgong yn mar op Skylge

16 aug 2012 - 12:38
  • Skylge

It marke de Doodemanskisten op Skylge wurdt werynrjochte. Dat wurdt dien om't de IIsclub fan West Skylge bettere reedrydmooglikheden foar West ha wol. Steatsboskbehear en it wetterskip ha dêrom mei de IIsclub in wize betocht om de iisgong better te meitsjen yn it marke. De ferwachting is dat de wetterkwaliteit better wurdt en der mear bysûndere natuer ûntstiet om't it gebiet om de dûnplasse iepener wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)