Tredde winst Feanfroulju

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean ha lang om let wer ris in wedstriid wûn. Yn en tsjin Zwolle waard it 2-0 foar de ploech fan trainer Peter Meindertsma. Sherida Spitse en Vivianne Miedema wiene yn de twadde helte de doelpuntemakkers. Troch dizze tredde winst yn de kompetysje klimme de froulju nei it fjirde plak mei njoggen punten út acht wedstriden. ADO Den Haach en FC Twente rinne der fier út mei 22 en 21 punten. Doe't yn septimber de kompetysje begûn wûn Hearrenfean de earste twa wedstriden. Dêrnei waard fiif kear op rige ferlern.