Cambuur wint fan Veendam

09 des 2011 - 22:46
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat de lêste thúswedstriid fan it seizoen mei 5-1 wûn fan SC Veendam. De Ljouwerters begongen min oan de wedstriid en kamen mei 1-0 efter troch in goal fan Kluin. Dêrnei waard de ploech hiel effektyf. Trije kânsen betsjutten like folle goals. Sandor van der Heide en twa kear Mark de Vries bepaalden de rêststân op 3-1.

Nei it skoft duorre it lang foar't Cambuur dien wurk makke. Melvin de Leeuw bepaalde mei twa goals de einstân op 5-1. Cambuur stiet no achter Zwolle en Eindhoven tredde, mei 29 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)