Flyers winne fan Leuven

09 des 2011 - 22:27

De Friesland Flyers hat de earste winst yn de striid om de Noardsee kup binnen. Op it fertroude iis fan Thialf waard Leuven mei 8-2 ferslein. Wesley Hendriks iepene de skoare yn de earste perioade. Nei de 1-1 yn de twadde perioade setten Sander Dijkstra, Dennis Schreur en Jason Visser de Flyers op 4-1. It waard noch 4-2, mar yn de lêste perioade soargen Andrey Levitin, Jason Visser, Michael Nason en Dennis Schreur foar de 8-2 einstân. De Flyers hiene de earste wedstriid fan dizze kompetysje mei 11-4 fan Den Haach ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)