Ofslútdyk ticht om ûngelok

Troch in ûngelok mei twa frachtweinen hat de Ofslútdyk freedtejûn yn beide rjochtingen ôfsletten west. De beide frachtweinen kamen bryk efterinoar te stean, nei alle gedachten troch in hagelbui. Ien frachtwein wie laden mei sûkerbiten. In diel fan de lading leit ferspraat oer de dyk. De sjauffeurs kamen mei de skrik frij. It giet om in man fan 45 jier út Hoorn en in 22-jierrige ynwenner fan Roden.
De helptsjinsten hawwe oeren dwaande west mei opromjen. Oan beide kanten fan de Ofslútdyk ûntstiene lange files.