Fries Museum skielk jier ticht

09 des 2011 - 14:21

It Fries Museum giet mear as in jier ticht. Takom jier july slút it museum de doarren. Yn septimber 2013 giet it dan wer iepen op de nije lokaasje op it Saailân yn Ljouwert.

De tariedings foar de ferhuzing en de ynrjochting fan it nije Fries Museum binne yntusken al begûn. Healwei takom jier wurdt it kasko oplevere. Yn de slutingsperioade wol it Fries Museum sichtber bliuwe. Dat giet dan op allerhanne wizen, sawol op lokaasje as online. Yn it nije museum sil ek plak wêze foar it Fersetsmuseum en it Ljouwerter Filmhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)