Assaidi ferfangt Van La Parra

09 des 2011 - 12:09

Oussama Assaïdi begjint yn de kompetysjewedstriid tsjin Excelsior yn de basis. De Hearrenfean-oanfaller is sa goed as hersteld fan syn rêchblessuere, dy't him twa wiken oan de kant hâlde. Assaidi miste dêrtroch de wedstriden tsjin NAC Breda en AZ. It is de iennichste feroaring dy't trainer Ron Jans tapast yn fergeliking mei de wedstriid tsjin AZ. It basisplak foar Assaïdi giet ten koste fan Rajiv van La Parra, dy't op de bank begjint.

Assaïdi is noch net hielendal pinefrij, mar sa seit hy: "Het gaat niet echt over met rust, dan kan ik net zo goed voetballen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)