Mei 132 km lâns Húns mei net

09 des 2011 - 10:28

By snelheidskontrôles yn Súdwest-Fryslân ha hast 130 minsken in boete krigen foar te hurd riden. De rapste ried mear as 50 km de oere te hurd: hy ried op de N31 by Húns 132 km, wylst dêr mar 70 tastien is. De plysje die de kontrôle om't der in soad klage wurdt oer automobilisten dy't harren net oan de maksimum snelheid hâlde. Njonken boeten foar te hurd riden dielde de plysje ek boeten út foar mobyl beljen achter it stjoer, it net dragen fan de gurdle en it kearen midden op in autodyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)