Plysje warskôget foar ynbraken

09 des 2011 - 09:54

De Fryske plysje ropt minsken op om harren huzen goed op slot te dwaan en weardefol guod út sicht te lizzen. Dan giet it bygelyks om beurzen, laptops, mobile tillefoans of iPads. Dit nei oanlieding fan ferskate ynbraken yn Fryslân tongersdei. Doe is ynbrutsen by huzen yn Ychtenbrêge, Snits, Oerterp, Aldegea Smellingerlân, Ljouwert en Drachten. Yn alle gefallen namen de dieven weardefol guod mei. It wenningynbraketeam fan de plysje docht ûndersyk nei de stellerijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)