Stoarmskea falt ta

09 des 2011 - 08:48

De súdwesterstoarm dy't tongersdeitejûn oer Fryslân gie, soarge net foar in protte oerlêst. Hjir en dêr wie der wol sprake fan skea. Sa wurdt der stoarmskea meld yn Ketlik, Sumar en Boalsert, mar neffens de plysje falt it oer it generaal ta.

Neffens Piet Paulusma wie it fannacht oan de kust en op it Waad bytiden wynkrêft tsien. Dat is swiere stoarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)