Plakette 'Oerfal' op bakkerij

08 des 2011 - 17:20

Tongersdei is op de âld-bakkerij tsjinoer de Blokhúspoarte yn Ljouwert in plakette pleatst. Dat moat in misfetting yn it ferhaal oer de Oerfal fan 1944 rjochtsette. Ut dy bakkerij wei is nammentlik de oerfal opsetten.

Yn de ferneamde film spilet de hiele bakkerij gjin rol. En de namme fan bakker Taco van der Veen is om artistike redenen fuortlitten út de film. De soan fan de fersetsheld hat dêrom it inisjatyf naam om de famyljenamme in plak te jaan yn de skiednis om de Oerfal hinne. It ferhaal fan de befrijing fan 50 minsken sprekt noch hieltyd oan. Mar by it Fersetsmuseum moatte se geregeld it byld dat minsken dêrfan ha bystelle. Der binne ek plannen foar in iepenloftspul yn de Blokhúspoarte oer de oerfal. Dêryn sil wol rjocht dien wurde oan de rol dy't bakker Van der Veen en syn bakkerij hienen bij de kreak op 8 desimber 1944.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)