Gjin ranch-wenten by Kollum

08 des 2011 - 16:12

It projekt Ranch Fryslân by Kollum is fan de baan. Der is net genôch belangstelling. De gemeente Kollumerlân hie plannen om 50 bysûndere wenningen mei in grut stik grûn oan te lizzen tusken Bûtenpost en Kollum. Minsken mei hynders koene hjir dan wenje. Der hawwe 132 minsken belangstelling toand op de webside, mar der wiene mar acht serieuze belangstellenden foar in kavel.

De oarsaak wurdt socht yn de ekonomyske krisis en de finansjele situaasje yn de hynstewrâld. Der wurdt no in nije bestimming foar de grûn socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)