Poppe stoarn: dokter bestraft

08 des 2011 - 14:58

It regionaal tuchtkolleezje foar de Folkssûnens hat in gynekolooch fan sikehûs De Sionsberg in skrobbearring jûn foar flaters yn de begelieding fan in befalling. As gefolch fan problemen by de befalling ferstoar de poppe koart nei de berte. De twadde gyneklooch en in ferpleechkundige dy't de befalling begelieden hawwe in warskôging krigen.

De sûnens fan de poppe is neffens it tuchtkolleezje by de swiere befalling ûnfoldwaande kontrolearre. De gynacoloog is earnstich tekoart sjitten. De âlders fan de poppe út Dokkum hawwe dêrom in oanklacht yntsjinne tsjin it team dat by de befalling wie. De gynekolooch dy't skrobbearre is giet yn heger berop tsjin de straf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)