Stroomsteuring by MCL
Der hat tongersdeitemiddei in koarte stroomsteuring west yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Trochdat in lyts ûnderdieltsje yn de technyske foarsjenning stikken gie, foel de stroom út. In needfoarsjenning hat de wichtichste saken fuortendalik oernommen. It giet dan ûnder oare om de Intensive Care en de operaasjekeamers.
Op oare plakken die de stroom it nei maksimaal fiif minuten wer.