'Mear jild tafersjoch soarch'

08 des 2011 - 13:02

Tafersjochhâlders yn de soarch moatte in hegere fergoeding foar har wurk krije. Dat fynt bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan soarchgroep Noorderbreedte. No is ôfpraat dat leden yn in Ried fan tafersjocht jierliks 10.000 euro krije en in foarsitter 15.000. Ut ûndersyk fan fakblêd Skipr docht bliken dat ien op de fjouwer taferjochhâlders fan grutte soarchynstellings mear as de ôfsprutsen noarm útbetellet.

Blaauw fynt dat terjochte om't de Ried fan tafersjoch in soad en belangryk wurk docht. Hy pleitet dêrom foar folle hegere fergoedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)