Foksen frette skrieze-aaien op

16 aug 2012 - 11:54
  • foks

In soad jonge skriezen en skrieze-aaien yn 50 nêsten tusken Starum en Warns binne opfretten. Mei kamera's is fêstlein dat trije foksen de haadskuldigen binne. Dat docht bliken út nij ûndersyk yn de Sudermarpolder en omkriten. Mei 14 prosint fan de nêsten rûn it wol goed ôf. Earder waard tocht dat roeken se opfrieten. Yn de Sudermarpolder soe jeie mei ljochtbakken op foksen fertuten dwaan, mar dat is noch net mooglik.

De konklúzjes fan it ûndersyk binne net te brûken foar oare greidefûgelgebieten. Dêr soe nij ûndersyk komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)