Frisia hellet sâlt út Dútslân

16 aug 2012 - 11:32

Frisia Zout BV út Harns komt jierliks 220.000 ton sâlt tekoart om oan de fraach foldwaan te kinnen. De putten yn NW-Fryslân leverje net genôch. It probleem is pas oer acht jier oplost as der ûnder de Waadsee sâlt wûn wurde kin. Sa lang wurdt der stiensâlt út Dútslân oanfierd. It giet om mear as 260 skippen yn 't jier dy't it sâlt nei Harns bringe. Dêr wurdt it opslein en ferwurke ta pekel. It giet om heechweardich sâlt foar de gemyske yndustry. Frisia moat nijbouwe by it fabryk en hat fergunning oanfrege.

Frisia ferwachtet gjin problemen mei bygelyks de Waadferiening om't der gjin sprake is fan gefolgen foar it miljeu.

Trefwurden: 
Frisia Sâlt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)