Ynbrekker yn hûs trappearre

16 aug 2012 - 11:20

De plysje hat woansdeitenacht in Ljouwerter (37) oppakt fanwege ynbraak. De man waard betrape troch de bewenner (57) fan in hûs oan de Fonteinstrjitte yn Ljouwert, doe't dy nei ûnderen gong. De ynbrekker naaide út en naam dêrby in laptop en twa beurzen mei. Nei in syktocht koe de ynbrekker oanhâlden wurde, dy hie lykwols de bút net mear by him. De plysje siket dy noch. Nei alle gedachten sit it guod yn in rêchsek. As minsken de rêchsek fine, moatte se der net mei de hannen yn om sa it spoare-ûndersyk net te fersteuren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)