Stien tsjin autorút
De plysje siket de dieders fan de fernieling fan in autorút. In frou út Walterswâld ried mei har auto oer de brêge oer De Swimmer by har wenplak, doe't fan it wetter ôf in stien nei de auto goaid waard. Dy fleach troch it foarrút. Doe't se útstapte, seach se twa jonges dy't útnaaiden. De plysje is no op syk nei har en ropt dêrom tsjûgen op har te melden.