Plysje siket bestjoerder

16 aug 2012 - 11:13

De plysje siket in automobilist fan in blauwe auto dy't mear as in moanne lyn in frou nei Grins brocht hat. De frou hâlde de auto moandei 2 july oan om in oere as healwei trijen middeis by it carpoolplak by de Parklaan yn Dokkum oan. Se hie op strjitte spul krigen mei in man dy't dêrnei brânstof nei har smiet. Yn panyk hâlde se de bestjoerder fan de blauwe auto oan en stapte by him yn. De bestjoerder wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)