Hobma wint It Heidenskip

15 aug 2012 - 22:03
  • Thewis Hobma

Topklasser Thewis Hobma mei 20.19 en Jan Teade Nauta mei in prachtich persoanlik rekôr fan 18.30 by de jonges, it wiene de pear hichtepunten fan de fierljepperij op It Heidenskip. De Fryske kampioenen fan ôfrûne sneon, Bart Helmholt en Hilianne van der Wal, hellen net iens de finale. Juniorkampioen Hans Ulco de Boer wie mei fakânsje. Ysbrand Galama waard mei 19.68 twadde achter Hobma. By de froulju gong de winst nei Klaske Nauta mei 15.18, foar Tessa Kramer mei 15.07. Daan de Vries wie de bêste junior mei 16.77.

Bobby Zwaagman kaam noch ticht yn de buert fan winner Jan Teade Nauta. Zwaagman kaam nei 18.08 meter yn it sânbêd.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)