Wettertaap wurdt bytsje brûkt

It rint noch net stoarm by de twa iepenbiere wettertapen yn de binnenstêd fan Ljouwert, sels net op in waarme dei. Yn maaie is de earste taap pleatst yn de Prinsetún en in pear wike lyn de twadde op it Saailân. Neffens frou Blauwbroek fan winkelsintrum Saailân moatte in soad Ljouwerters noch ûntdekke dat se hjir altiten telâne kinne foar fergees en fris drinkwetter.
Gemeenteriedslid Gerben Hoogterp naam it inisjatyf foar de earste wettertaap. Hy fynt dat der noch folle mear fan komme moatte soene yn Ljouwert.
Fral op de skoallen en hegeskoallen soene wettertapen komme moatte, sadat de jongeren in goedkeap en sûn alternatyf hawwe foar frisdrank. In oar foardiel fan it systeem is dat de berch oan lege fuortsmytfleskes lytser wurde kin. Neffens wetterbedriuw Vitens - it bedriuw achter de wettertaap yn de Prinsetún - is der rûnom yn Nederlân in grut draachflak foar noch folle mear wetterpompen.