Casalux op De Westereen fallyt

15 aug 2012 - 14:04

Keuken en sanitêr spesjalist Casalux fan De Westereen is fallyt. It bedriuw hat bot te lijen fan de ekonomyske krisis. Casalux is fiif jier lyn ûntstien út in oar fallisemint. Neffens kurator Van Zanderbergen is der dêrnei noait mear echt jild fertsjinne. Der wurken noch fiif minsken. Sy krije dien. Der binne sa't it no liket gjin klanten dupearre. Foar it fallisemint binne de measte saken al ôfhannele. In trochstart komt der nei alle gedachten net. De eigener hat al oanjûn dêr gjin heil yn te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)