IIssalon hiele jier iepen

15 aug 2012 - 12:39
  • iissalon

De iissalon fan 'e takomst moat it hiele jier troch iepen wêze en ek oare saken oanbiede as allinnich iis. Dat seit Romke de Jong fan it iisfabryk mei deselde namme op 'e Gordyk. It seizoen is te koart en as it yn de simmer dan ek noch in skoft min waar is, is der te min tiid om dat wer goed te meitsjen.
De Jong is koartlyn begûn mei iissalons yn in nije formule ûnder de namme Lilly's. De proefwinkel fan dy nije formule stiet op De Gordyk. Yn dy saak is neist iis ek sûdelade te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)