Bedriuw Superconnie is fallyt

15 aug 2012 - 12:11

Software-ûntwikkeler Superconnie op It Hearrefean is fallyt. By it bedriuw oan de Abe Lenstra Boulevard wurken noch sân minsken. Koartlyn wiene dat noch 17. Superconnie hâldt him dwaande mei de ûntwikkeling fan software foar skoallen. It bedriuw rekke neffens kurator Goudberg yn swier waar om't it te lang duorre foardat de softwareprodukten yn de merk set wurde koene. Sa waarden de skulden te heech. Goudberg slút net út dat in trochstart foar it bedriuw komt. Der soene al gadingmakkers wêze. Foar de wurknimmers wurdt ûntslach oanfrege.

Trefwurden: 
fallyt Superconnie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)