'Nôtfoarried hat gjin doel'

15 aug 2012 - 11:54

It oanlizzen fan in Nederlânske nôtfoarried, om sa de priis te stabilisearjen, hat gjin sin. De Nederlânske skaal is te lyts om ynfloed te hawwen. Boppedat is in graanfoarried op Europeeske skaal krekt ôfskaft. Dat seit hanneler Pars fan Sint Jabik. Hy reagearret dêrmei op in plan fan de LTO. De nôtprizen binne heech troch problemen mei de rispinge yn Amearika, Ruslân en Oekraïne. Seis jier lyn lei de priis noch op 100 euro de ton, no is dat 230.

Bygelyks bargeboeren komme yn de problemen, om't sy it graan brûke as feefoer. Pars fynt dat de konklúzje dan ek wêze kin dat de fleispriis te leech leit. Foar graanboeren binne de hege prizen just hiel goed nijs, omdat sy in pear minne jierren achter de rêch hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)