Slaanderij om fuotbal yn tún

fuotbal
In rúzje oer in fuotbal is tiisdei op De Lemmer út de hân rûn. Twa mannen fan 18 en 21 jier wiene op de Kof op strjitte oan it fuotbaljen. Doe't de bal yn de tún fan de Lemster (51) kaam, pakte dizze de bal en naam him mei nei binnen. Doe't de fuotballers har bal werom fregen, kaam de Lemster mei in ploertedeader nei bûten en sloech de manlju ferskate kearen. De man is oanhâlden en it ferbeane wapen is yn beslach naam.