Bommemakkers pakt yn Terherne

Yn in hûs oan de Koailân yn Terherne is woansdeitejûn troch de plysje guod yn beslach naam dat brûkt wurde koe om bommen te meitsjen, lykaas krûd, lonten en kokers. Der waarden ek yllegale mortieren en nitraatbommen meinommen.
Twa bewenners fan 20 en 23 jier binne oanhâlden. Se hiene ek noch in reekbom, messen en in pistoal yn har besit. De plysje wie fia klachten oer it ôfstekken fan yllegaal fjoerwurk de manlju op it spoar kaam.