Narsingh yn basis by Oranje
Ald-SC Hearrenfeanspiler Luciano Narsingh spilet woansdeitejûn yn de basis fan Oranje. It Nederlânsk alvetal spilet in oefenwedstryd tsjin België. SC Hearrenfean ferkocht Narsingh dit jier oan PSV.
Narsingh stiet mei Klaas-Jan Huntelaar en Arjen Robben yn de foarhoede fan Oranje. Ek Huntelaar spile earder foar SC Hearrenfean.