Opgravings smite net folle op

14 aug 2012 - 19:40

It archeologysk ûndersyk oan de Oosterstrjitte yn de binnenstêd fan Ljouwert hat oant no ta gjin bysûndere fynsten oplevere. Dat seit archeolooch Mariëlle Nekemans fan de gemeente Ljouwert.

Nei in goeie wike dolle sitte de archeologen op twa meter djipte op in grûnlaach fan foar it jier 1600. Spoaren fan bewenning út dy tiid binne net fûn. Wol binne resten fan in âlde sleat fûn. De archeologen sille hjir meunsters fan nimme. Sa't it no stiet kin it ûndersyk noch dizze wike ôfsletten wurde.

Op it plak fan it ûndersyk wurdt meikoarten begûn mei de oanlis fan in parkeargaraazje fan 'e provinsje. By it begjin fan it ûndersyk fûnen de archeologen ferline wike noch in âlde wetterput en ek in soad stiennen muorkes fan bebouwing fan 'e foarige ieuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)