Jelle Talsma wint op Heech

14 aug 2012 - 16:51
  • IFKS

Jelle Talsma hat mei syn skûtsje de Jonge Jan de IFKS-silerij op Heech wûn. It twadde plak wie foar Tony Brundel, de Ut en Thús fan Henk Regts kaam as tredde oer de finish.
Henk Regts sette goed útein, mar moast de kopposysje dochs oerjaan oan Jelle Talsma. Tadema sylde doe noch twadde. Tony Brundel moast fan fier komme en wist yn de lêste rondes úteinlik op in twadde plak te kommen.

Talsma stiet no tegearre mei Brundel op in earste plak yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)