Lûdsmjitting by pealsitten
By de pealsitwedstriden yn it sintrum Kollum sil de gemeente Kollumerlân lûdsmjittings dwaan. Dat wurdt dien om't in groep omwenners seit oerlêst te hawwen fan it evenemint.
De organisaasje mei it lûd fan 'e speakers net te hurd sette. It pealsitten yn Kollum begjint woansdei.