Epke Zonderland riddere

14 aug 2012 - 16:04

Turner Epke Zonderland hat fan 'e middei út hannen fan minister Edith Schippers fan sport in keninklike ûnderskieding krigen. Zonderland waard yn ferbân mei syn gouden plak op de Olympyske Spelen beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Dat fûn plak by de offisjele huldiging fan de Olympyske sporters yn de Ridderseal yn Den Haach.

Njonken Epke Zonderland krigen ek Dorian van Rijsselberghe en de froulju fan de gouden Nederlânske hockeyploech in lintsje. Marianne Vos en Ranomi Kromowidjojo wiene fjouwer jier lyn al riddere.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)