Nyk en Meindert op Lowlands

14 aug 2012 - 14:20

Nyk de Vries en Meindert Talma trede sneon op op it Lowlandsfestival yn Biddinghuzen. De Friezen drage foar en musisearje yn in ôfwikseljende set. Nyk draacht utrakoarte ferhalen foar út syn nijste bondel 'De dingen gebeuren omdat ze rijmen' op muzyk fan in sampler. Meindert lit wurk wurk hearre út syn bondel 'Laat het orgel jammeren.' Hy sil himsels begeliede op de syntesizer.

De twa Friezen stean fan 21 oant en mei 25 augustus ek op it Noorderzonfestival yn Grins, dan elk mei syn eigen programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)