Glasbeek ynstallearre yn Harns

07 des 2011 - 22:57

Peter Glasbeek út Leiderdorp is woansdei ynstalearre as nije wethâlder fan Harns. Glasbeek is 57 jier en wie oant ferline jier foar de PvdA wethâlder yn syn eigen gemeente. Hy koe allinnich rekkenje op stipe fan de koälysjepartijen. It CDA, de PvdA en de VVD ha in blanko stim útbrocht.

Glasbeek folget Jan de Boer op, dy't yn septimber opstapte yn Harns. De Boer woe net langer wurkje yn in koälysje dêr't neffens eigen sizzen in sfear fan achterdocht en wantrouwen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)