Nominaasje foar kultuercoach

Gemeente It Hearrenfean
Kultuercoach Pieter Jan Struik fan de gemeente Hearrenfean is nominearre foar de Combinatiefunctionaris Stimuleringsprijs 2011. Struik jout kultueredukaasje op 34 skoallen.
Ien fan de projekten is 'POP in de school'. Dêrtroch komme bern dy't gewoanwei net mei kultuer yn oanrekking komme, dochs yn de kunde mei bygelyks muzyk. Yn totaal binne foar Nederlân fjouwer coaches nominearre. De priis bestiet út in skulptuer en in bedrach fan 2500 euro. De útrikking is tongersdeitemiddei yn Amsterdam.